In een opging om te vegen en een baan uit te zetten;
Rayonhaad Auke Hylkema fan 'e iiswegesintrale Gaasterlân is sneon troch it iis fan 'e Sleattemermar sakke by Wikel. Hy kaam der oan de nekke ta yn te sitten. Hy koe der troch syn kollega's mei in stôk út lutsen wurde.
It rayonhaad wie mei in groep op it iis om te sjen oft der in baan útset wurde koe. Hy rûn foarop doe't er der ynienen troch sakke. Hylkema hie inkeld in snoek, gjin ferwûnings. De Sleattemermar is ûnderdiel fan de rûte fan de Alvestêdetocht.
Quote selectie