"Bêst iis yn Gaasterlân"
Omrop Fryslân: Ilse Hermanides
16 jannewaris, 2013 - 20:22
It iis yn Gaasterlân en omkriten leit der geweldich by. Dat meldt assistint-rayonhaad Auke Hylkema. Hy seit sa'n moaie iisflier sûnt 1984 net mear sjoen te hawwen. Wol binne hjir en dêr noch wekken, en is it iis noch wol tin: gemiddeld oardel sentimeter. Mei de ferwachting fan acht graden froast fannacht sil Hylkema tongersdei wer te mjitten. Hy is foaral optein oer it resultaat fan de ôfsluters dy't yn de Luts pleatst binne. Neffens Hylkema binne der op dizze plakken al gjin wekken mear.
- Er zijn geen wakken meer in de Luts, is dan snel dichtgevroren. Verwachting van -8 gr. voor vannacht en morgen gaat hij weer meten. Buiten de Lits is het ijs nog erg dun!
Quote selectie